Stenden wol toerisme-ynstitút

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol 100.000 euro meibetelje oan it opsetten fan in Europeesk toerisme-ynstitút by de Stendenhegeskoalle. Begjin 2010 wol de hegeskoalle begjinne mei in ynstitút dêr't ûndersyk dien wurdt nei toerisme en rekreaasje yn Europa.
Soks is wichtich foar Stenden en de toeristyske sektor om't de bedriuwstak fan grutte ekonomyske wearde is en hieltyd grutter wurdt. Mei-inoar is trije miljoen euro nedich om it ynstitút op te setten.