Burgumer fernielt plysjeauto

14 aug 2009 - 10:35

In 30-jierrige Burgumer is tongersdeitenacht oanhâlden neidat hy yn Ljouwert in plysjeauto fernield hie. De plysjeminsken hiene harren auto parkeard op de Nijstêd om tafersjoch te hâlden op it útgeanspublyk.

Se seagen de man op syn fyts lâns de auto riden en in spegel fernielen. Doe't se de man oanholden fersette dy him fûl.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)