Wynmole hellet wetter út lucht

13 aug 2009 - 21:40

De earste echte wynturbine dy't wetter meitsje kin út lucht, komt takom jier by proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn Ljouwert. It giet om in inisjatyf fan it bedriuw Dutch Rainmaker. Dat hat al in lytse wynturbine yn Harns boud, mar potinsjele klanten wolle graach sjen dat dit konsept ek wurket op gruttere skaal.

Yn de lucht sit altyd wat wetter. De wynturbine wekt stroom op en hellet dat wetter der út, sa't in airco dat ek docht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)