Sykje nei bommen en granaten

De plofte munysjetrein by Hieslum yn 'e oarloch (foto argyf Omrop Fryslân)
Der sil opnij nei eksplosiven socht wurde lâns it spoar by Hieslum. Der is al twa kear earder ûndersyk dien nei bommen en granaten út de Twadde Wrâldoarloch. It ferset liet dêr doe in Dútse munysjetrein ûntspoare.
Spoarbehearder ProRail sil ynkoarten op it trajekt oan it wurk. Oant no ta waard dat hieltyd útsteld, mar dat kin net mear omdat Prorail op it trajekt dwersrails en grint ferfange wol. Dêrfoar moat djip groeven wurde en dat hat oars tefolle risiko.