Wachtlist yn Fryslân falt ta

© Omrop Fryslân
Fryslân sil nei alle gedachten net troch minister Rouboet op de fingers tikke wurde fanwege de wachtlisten yn de jeugdsoarch. Rouvoet fynt dat provinsjes net genôch har bêst dogge om wachtlisten fuort te wurkjen. Yn guon gefallen binne se langer wurden, of giet it de minister te stadich.
Yn Fryslân steane op it stuit 20 bern op de wachtlist. Buro jeugdsoarch, dat foar de provinsje de soarch regelet, tinkt dat dy bern foar de ein fan it jier help krigen ha.