Soad nije prysterstudinten

13 aug 2009 - 16:36

It bisdom fan Grins en Ljouwert krijt hieltyd mear prysterkandidaten. Foar it nije stúdzjejier hawwe har fjouwer nije studinten oanmeld by de biskop. Dêrmei komt it totale oantal op 14 en dat is yn ferhâlding aardich wat.

De lêste jierren wiene der jierliks gemiddeld njoggen studinten yn oplieding en dat tal groeit dus. Biskop Gerard De Korte is tige wiis mei de nije oanmeldings. Hy hopet dat de nije prysters it bisdom fierder foarút helpe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)