Sandor v.d. Heide spilet net

Sandor van der Heide: knibbeloperaasje (foto Dirk Jan Haarsma)
Sandor van der Heide komt foarlopich net yn aksje foar Cambuur. De middenfjilder sil opereard wurde oan de knibbel. Van der Heide hat al langer lêst fan de knibbel, mar de Cambuur spiler woe in operaasje útstelle oant de winterstop.
No docht bliken dat Van der Heide tefolle hinder ûnderfynt fan de blessuere. Dêrom sil hy ynkoarten opereard wurde. Van der Heide sil mimimaal trije wiken net spylje.