Rekreaasjeplan Wjelsryp faai

13 aug 2009 - 12:22

In plan foar in rekreaasjeterrein by Wjelsryp stiet faai troch in tekoart oan jild. Oan de súdkant fan it doarp wolle guon bewenners in stik greide omtoverje ta swimplak mei fisksteigers en oanlisplakken foar boatsjes.

In wurkgroep levere koart foar de simmerfakânsje it plan yn by de gemeente Littenseradiel. Troch jildpine by de gemeente liket it plan no foarearst net trochgean te kinnen. Foaral omdat oare fûnsen en sponsors de hân op de knip hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)