VVD wol camperplakken yn Harns

© Omrop Fryslân
De VVD-fraksje yn Harns wol dat der op it parkearterrein by de Tjerk Hiddessluzen parkearplakken komme foar campers. Neffens de fraksje is der plak foar 15 oant 20 campers. Dat stiet yn in inisjatyffoarstel dat de fraksje yntsjinne hat.
Der wurdt al jierren diskusearre oer de fraach oft campers yn de stêd in plak krije kinne. Dy meie no allinnich op camping Zeehoeve oan de Westerseedyk stean.