Oppakt foar fjoerwapenbesit

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitenacht yn Ljouwert trije mannen oanhâlden dy't mei in fjoerwapen op paad wiene. It giet om twa Ljouwerters fan 29 en 46 jier en in man út Grou fan 30.
De plysje sette de auto oan de kant foar in rûtinekontrôle. Op de achterbank seagen de plysjeminsken it wapen en de kûgels lizzen. De mannen binne ynsletten yn it plysjeburo. De auto en it wapen binne yn beslach naam.