50 meldings fan stienmarters

Meiwurkers fan it stienmartermeldpunt dwaande mei spoare-ûndersyk
By it nije meldpunt foar stienmarters en flearmûzen binne yn trije moanne tiid al 50 meldings binnenkommen. It nije meldpunt is der kommen op inisjatyf fan 'e provinsje. Fral de stienmarter kin yn wenhuzen foar in soad skea en oerlêst soargje.
De marter is beskerme en mei net deamakke wurde. De minsken fan it meldpunt komme by de minsken lâns om de spoaren fan 'e stienmarter te besjen en om, as der echt sa'n bist sit, in oplossing te betinken.