Libbensrinwenten populêr

12 aug 2009 - 14:58

Der is in soad belangstelling foar libbensrinwenten yn Achtkarspelen. Dit komt ek omdat it tal minsken dat in wenning siket yn de gemeente tanimt. Minsken kiezen der hieltiid faker foar om har eigen hûs te ferkeapjen en dan in wenning te hieren dêr't se ek op de âlde dei wenjen bliuwe kinne.

Ein desimber 2007 hie de wenningbouferiening in wachtlist fan in lytse tûzen minsken. In jier letter wiene dit hast 1200, in taname fan goed 17 persint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)