SP wol gjin geheime stikken

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan 'e Socialistische Partij wol de geheime stikken oer de ôffaloven yn Harns net ynsjen. Nije wike meie alle Steatefraksjes de stikken fertroulik besjen, mar se meie neat dêroer nei bûten bringe.
De SP is it dêr net mei iens en hat dêrom besletten om net gebrûk te meitsjen fan de mooglikheid. Ein augustus wurde de dokuminten iepenbier makke op ynternet. Dat giet dan om in sensurearre ferzje, sûnder de beliedsopfettings fan amtners.