Drinkeling út wetter helle
In boatsjefarder is woansdeitemoarn by de slûs yn Jobbegea út it wetter helle en reanimearre. De man waard net goed en foel tusken de wâl en it skip.
Omstanners hawwe de man út it wetter helle. Hy is nei it sikehûs brocht.