Aris hellet nije Amerikaan

© Omrop Fryslân
Basketbalklup Aris út Ljouwert hat twa nije spilers fêstlein. Darryl Monroe (23) komt oer fan George Mason University yn Amearika. De 2.01 meter lange en 125 kilo swiere spiler hie it heechste skotpersintaazje yn syn kompetysje.
Camilo Behage komt werom nei Aris. Behage spile fan 2004 oant 2006 ek al foar de Ljouwerters, mar hâlde fanwege oare drokte op mei topbasketbal. Hy komt oer fan Penta Drachten, dêr't er topskoarer wie.