Röntgenfoto's no ek op Skylge

© Omrop Fryslân
Pasjinten fan dokterspraktyk Midslân op Skylge hoege net mear foar in röntgenfoto nei de wâl. De trije húsdokters kinne mei apparatuer fan it Antoniussikehûs yn Snits no sels röntgenfoto's meitsje op it eilân.
Mei in straalferbining wurde de foto's nei it sikehûs stjoerd, dêr't spesjalisten de foto's besjogge. De saneamde teleradiology-foarsjenning wurdt woansdei yn gebrûk naam. De dokters op Skylge moatte noch yn oplieding by it Antoniussikehûs.