Skoallen krije brief oer gryp

11 aug 2009 - 19:09

De GGD's yn Fryslân, Grinslân en Drinte riede basisskoallen ta op de Meksikaanske gryp. Yn in brief oan de skoallen wize de GGD's de skoallen op maatregels dy't se nimme kinne om fersprieding fan it firus foar te kommen. De skoallen yn Grinslân en Drinte hawwe it brief al hân, de skoallen yn Fryslân krije dizze yn de rin fan dizze wike.

In earder foarstel om skoalfakânsjes te ferlingen om sadwaande in útbraak te fertraagjen, helle it net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)