Willem Barentsz pears ferve
It brûnzen byld fan Willem Barentsz op Skylge is troch ûnbekenden mei pearse ferve besmodzge. De holle fan it stânbyld is bespuite mei graffity. Ek twa doarren en ferskate strjitstiennen binne bewurke.
It spoar fan de ferve rint nei kemping De Appelhof yn Formearum. It byld fan de ûntdekkingsreizger yn Formearum is al earder fersmoarge.