Ids en Anni troud yn Salzburg

11 aug 2009 - 16:55

Ids Postma (35) en Anni Friesinger (32) út Dearsum hawwe elkoar tiisdei it ja-wurd jûn. It stel is yn Salzburg yn Eastenryk troud. Se hiene de troudatum geheim hâlden. Der wiene sa'n 20 minsken by de plechtichheid. Takom jier is it grutte feest, dan trouwe se foar de tsjerke. Oft dat yn Fryslân barre sil, is noch net bekend.

Anni Friesinger hjit fan no ôf Anni Friesinger-Postma. Sa stiet se ek oan de start fan de Olympyske Spelen 2010 yn Vancouver.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)