Bolwurk yn Snits krijt skyboks

It Bolwurk wurdt renovearre
As earste poppoadium yn Noard-Nederlân krijt it Bolwurk yn Snits de beskikking oer in skyboks. In selekt publyk sit dêrby yn in lytste romte mei in eigen húske en barfasiliteiten.
It Bolwurk begûn ea as jongereinsintrum mar wurdt no ferboud ta offisjeel kultuersintrum yn Snits. Doel is om de programmearing tenei foar in breder publyk geskikt te meitsjen. Boppedat sil it tal foarstellings ferdûbelje nei 120 konserten yn it jier.