Manifestaasje tsjin ôffaloven

© Omrop Fryslân
Yn Harns wurdt op 5 septimber de grutste manifestaasje oant no ta hâlden tsjin de nije ôffaloven. Op de Grote Breedeplaats komt dan in poadium te stean foar sprekkers en muzikale optredens.
It komitee Afvaloven Nee organisearret de manifestaasje omdat der hieltyd mear minsken protestearje wolle tsjin de oven. It komitee jout gehoar oan de oprop om gjin aksjes te hâlden mei de fiskerijdagen. Dy binne fan 26 oant en mei 29 augustus.