Fierste hurd op de Ofslútdyk

11 aug 2009 - 09:50

Op de Ofslútdyk is moandeitemiddei in man út Ljouwert oanhâlden dy't fierstente hurd ried. Hy ried 174 kilometer yn de oere, wylst op de Ofslútdyk 120 riden wurde mei.

By 50 kilometer te hurd hat de plysje it foech om it rydbewiis yn te nimmen. Dat is yn dit gefal ek bard. De man út Ljouwert krijt ek noch in flinke boete.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)