Bou parkeargaraazje Snits los

© Omrop Fryslân
Fan nije wike moandei ôf kin noch mar beheind parkeard wurde op it Boschplein yn Snits. Dêr giet dan de bou fan de nije pearkeargaraazje fan start. Ek wurdt dan in begjin makke mei de bou fan twa nije supermerken. De bouwurksumheden moatte aanst plak biede oan mei-inoar 600 auto's.
Fan heal novimber ôf wurdt der ek echt boud. De parkeargaraazje is mids 2011 klear wêze. Yn de tuskentiid kin der parkeard wurde op it Flexa-terrein oan de Toppenhústerwei.