"Ferset tsjin oven hat sin"

© Omrop Fryslân
De stifting Afvaloven Nee giet troch mei it ferset tsjin de bou fan de ôffaloven yn Harns. Foar 5 septimber is der in protestmanifestaasje oankundige. Yn in iepen brief oan de media wurdt steld dat protestearjen tsjin de bou fan de oven yn Harns wol deeglik sin hat.
De aksjegroep wiist dêrby ûnder oaren op it feit dat Omrin de oven mei grut risiko bout. Yn oktober moat de Raad van State in oardiel jaan oer de ferliende miljeufergunning.