Plysje pakt dwerse Snitser op

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintejûn yn Snits de grutst mooglike muoite hân om in ynwenner fan de Wetterpoartestêd oan te hâlden. Yn de Liaukemastrjitte kaam it berjocht dat in man foar oerlêst soarge. De man, in 22-jierrige Snitser, gedroech him agressyf.
De man skopte en sloech en trape in dûk yn in auto. Mei in soad muoite koenen plysjes de man yn hânboeien meinimme. De fertochte bedrige en misledige de aginten.