Dronken mei auto de greppel yn

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei oan de Vogelweide op It Hearrenfean in man fan 44 út Rotsterhaule oanhâlden. Der wie in melding binnenkommen dat der in auto yn de greppel lei.
De bestjoerder koe selsstannich út de auto komme. Op it buro die út in azemanalyze bliken dat de man fierstente folle dronken hie. De man krige in rydferbod fan alve oeren en in proses-ferbaal. Ek waard syn rydbewiis yn beslach nommen.