Twa froulju ferwûne by ûngelok

de auto fan 'e froulju rekke yn 'e sleat (foto Sake Beerstra 112 Nederlân)
De plysje ûndersiket in oanriding dy't sneintejûn plakfûn op de Bruggelaan yn Bûtenpost. Dêrby binne twa froulju, ien fan 24 út Burgum en ien fan 18 út Kollumersweach, ferwûne rekke.
It ûngelok waard feroarsake troch in lytse swarte auto, dy't nei it ynheljen de auto fan de froulju snijde. De Burgumse rekke de macht oer it stjoer kwyt en bedarre yn in sleat. De bestjoerder fan de swarte auto is nei it ûngelok trochriden.