Biltker raamt benzinestasjon

10 aug 2009 - 09:15

In autorider (64) fan it Bilt is sneontejûn yn Grins de winkel fan in benzinestasjon ynriden. De man wie net goed wurden doe't er yn 'e auto oer de Paterswoldseweg nei it suden ried. Hy ried mei de auto dwers troch in bushokje om ta stilstân te kommen yn de winkel fan it pompstasjon.

In meiwurker koe krekt op 'e tiid oan de kant springe. Yn it bushokje wiene op it stuit fan it ûngelok gjin minsken. De man fan it pompstasjon en in plysjeman ha de Biltker reanimearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)