Topturnster nei It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Lisa Top út Opmeer stapt fuortdalik oer nei Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean. It lid fan de Jong Oranje seleksje kaam foarhinne út foar Kracht en Vriendschap Opmeer. By it lêste NK einige Lisa as tredde yn de kategory jeugd. Haadcoach Gerben Wiersma is tige bliid mei de oergong.
Lisa jildt as in grut talint en makket ek kâns op it jeugd EK yn Birmingham dit jier. Boppedat makket se sjoen har leeftiid ek kâns om diel te nimmen oan de Olympyske Spelen yn Londen 2012.