Mullumer oppakt by hasjfangst

09 aug 2009 - 16:14

In ynwenner fan Mullum is sneontenacht oanhâlden foar belutsenheid by in grut hasjtransport. De dûane ûnderskepte sneon by Koarnwertersân in syljacht mei in 3400 kilo hasj oan board. De twa opfarrenden, beide ynwenners fan Noard-Hollân, binne fuort oppakt.

Oan de hân fan it plysje-ûndersyk kaam ek de belutsenheid fan de Mullumer oan it ljocht. Ek yn Den Helder is in man oppakt en ek dêr is in skip yn beslach naam. Dat wie wierskynlik de boat dy't de hasj fan Afrika nei Nederlân brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)