Drugskontrôle op Skylge

09 aug 2009 - 14:13

By in drugskontrôle by Midslân op Skylge binne sneon trije jongeren oanhâlden. De plysje hie twa tagongsdiken fan jeugdcampings nei it doarp ôfset. Se kontrolearren minsken mei in plysjehûn op drugs.

By 12 lju sloech de hûn oan. Njoggen fan har hiene earder dy dei in joint rookt. De trije oaren hiene softdrugs by har. Nei't se dy ynlevere hiene mochten se trochrinne. De kontrôle is útfierd fanwege sinjalen dat de hannel en it brûken fan drugs tanimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)