Stipe foar ynpassen yn lânskip

09 aug 2009 - 13:39

Landschapsbeheer Fryslân wol boeren helpe om har stâl of silo better yn it lânskip passe te litten. It projekt hâldt yn dat de organisaasje by 20 pleatsen yn Fryslân beammen plantsje wol en beamwâlen opknappe sil.

De eigners fan de pleatsen kinne subsydzje krije foar it plantsjen. Ek boeren sels wurde aktyf yn it projekt behelle. Gadingmakkers mei in pleats kinne har noch oanmelde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)