Thalenpark wurdt opknapt

© Omrop Fryslân
It Thalenpark yn Drachten krijt healwei takom jier in grutte opknapbeurt. Op dit stuit wurde ideeën útwurke om it park wer moai te meitsjen. Bygelyks de beammen yn it park binne der min oan ta.
Al in pear jier wurdt oer it opknappen fan it park praat, mar der wie hieltyd gjin jild foar. De ried fan Smellingerlân hat earder dit jier in miljoen euro beskikber steld om fan it Thalenpark in stedspark te meitsjen dêr't minsken yn rekreëarje kinne.