Grutte drugsfangst op Waadsee

De dûane fan Harns hat sneon by in kontrôle by Koarnwertersân in syljacht ûnderskept mei krapoan 3.500 kilo hasj oan board. It jacht foel op trochdat it sa djip lei. Twa opfarrenden út Noard-Hollân binne oanhâlden.
De hasj komt nei alle gedachten fan in grutter skip. De drugs binne op de Noardsee oerladen oan board fan it syljacht. It is foar de Fryske dûane de grutste drugsfangst fan de lêste twa jier. De hasj fertsjintwurdiget in strjitwearde fan sa'n 15 miljoen euro.