Elma de Vries 2e op maraton

Elma de Vries mei nûmer 131
Elma de Vries hat sneon op it lêste ûnderdiel fan it Europeesk kampioenskip skeelerjen yn België op de maraton har fjirde sulveren medalje helle. Nei 42 kilometer wie de Dútske Sabine Berg de rapste fan in kopgroepke fan fjouwer froulju.
Elma de Vries stie op dit EK seis kear op it poadium. Op de baan wûn se sulver en brûns. Op de dyk wie der sulver by de 15 km ôffalkoers, de 5 km ôflossing en de maraton. Brûns krige se nei de 10 km puntekoers op 'e dyk.