Roelof Bouwmeester 12e op EK

08 aug 2009 - 18:12

Roelof Bouwmeester is as tolfde einige op it Europeesk kampioenskip yn de Laserklasse. De siler út Warten hie yn Sweden in poerbêst begjin, dêrnei wiene de prestaasjes gâns wikseljend. Yn de finaleraces slagge it net om by de earste tsien te kommen. Bouwmeester waard 17e, 22ste en 56ste. Dat lêste resultaat koe der ôflûke.

Paul Goodison fan Grut-Brittannië waard mei oermacht kampioen, Marc de Haas wie op it sechsde plak de bêste Nederlanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)