Groenendyk kening yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Gert-Anne van der Bos, Jacob Klaas Haitsma en Douwe Groenendyk hawwe sneon de haadklasse útnoegingspartij keatsen yn Dokkum op harren namme skreaun. Van der Bos en dy wûnen yn in frij iensidige finale mei dúdlike sifers fan Jan Dirk de Groot, Folkert van der Wei en Gert-Jan Meekma. It waard yn dy finale 5-0 en 6-2 foar it partoer fan Van der Bos.
Douwe Groenendyk waard keazen ta kening fan 'e útnoegingspartij.