Rekôrs Helmholt en Leyenaar

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum hat sneon in kampioenskipsrekôr sprongen op it Frysk Kampioenskip fierljeppen yn Winsum. Helmhout sprong 20 meter 51 yn 'e finale fan it FK, in ôfstân dêr't syn konkurrinten net oerhinne komme koene.
By de froulju sprong Anna Jet Leyenaar yn har lêste sprong in Frysk rekôr mei 15 meter 81, ien sentimeter mear as har âlde Frysk rekôr. Yn 't foar hie de organisaasje al de hope útsprutsen dat der rekôrs sneuvelje soene.