SAR-helikopters hawwe it drok

De SAR-helikopters moasten de ôfrûne twa wike 15 kear yn aksje komme
De SAR-helikopters fan fleanbasis Ljouwert ha de ôfrûne wiken folle faker sike en ferwûne pasjinsten fan de Waadeilannen helle. De helikopters hawwe de ôfrûne twa wiken fyftjin minsken ophelle, it gie yn de measte gefallen om fakânsjegongers.
Ien fan harren wie in famke fan twa jier mei in slachierblieding. Gewoanwei komme de SAR-helikopters sa'n trije kear yn de wike yn aksje. Yn de simmermoannen leit it tal heger, mar fyftjin is útsûnderlik.