Drachtster skopt plysjeman

© Omrop Fryslân
Twa agressive manlju binne freedtenacht yn Drachten oppakt. Ien fan de manlju, in 21-jierrige Drachtster, skopte by syn oanhâlding in plysjeman yn it gesicht. Hy hie de plysjes ek al misledige, bedrige en nei harren flibe.
In tsjûge seach dat de Drachtster en in 20-jierrige Ljouwerter oer de Súdkade fytsten en in auto fernielden. Hy warskôge de plysje.