Teleradiology op Skylge
Húsarsten op Skylge kinne tenei sels röntgenfoto's meitsje en dizze fuortendaliks trochstjoere nei it Antoniussikehûs yn Snits. Dêr wurde de foto's dan beoardiele.
De húsartsen krije fuortendaliks berjocht wat der op de foto's stiet en wat se oanslutend dwaan moatte. De saneamde teleradiology-foarsjenning wurdt oankommende woansdei yn gebrûk nommen.