Súkses Yngling-silers op WK

07 aug 2009 - 19:38

De Fryske sylteams dy't meidogge oan it wrâldkampioenskip yn de Yngling yn it Sweedske Kalmar dogge it noch hieltyd prima. Nei acht races steane de fiif teams noch hieltyd by de earste seis.

Stjoerman Tom Otte stiet no earste, sy wûnen de lêste trije races. Maarten Jamin stiet no twadde en Hidde-Jan Haven is fan it earste nei it tredde plak sakke. Alle Fryske dielnimmers binne fan de Keninklike Wettersportferiening Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)