Talsma wint IFKS De Lemmer 1

07 aug 2009 - 16:31

Debutant Jelle Talsma wûn freed de earste IFKS-wedstriid op 'e Lemmer. Henk Regts en Jeroen de Vos waarden twad en tred.

Talsma makket hjirmei wer kâns op it kampioenskip en fiert it klassemint wer oan. Syn konkurrint Delmer Los einige as achtste. Walter de Vries hat mei in minne deiklassearing de kâns op de titel ferspile. Jelle Talsma en Delmer Los ha no mei 11,8 en 12,8 ien punt ferskil. Dat betsjut dat it sneon in spannende finale wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)