Popfestival Flylân populêr

Into the Great Wide Open, it popfestival dat yn septimber foar it earst plak fine sil op Flylân, hat op dit stuit 3700 kaarten ferkocht. Yn totaal binne der 4000 kaarten.
Earder waard al bekend dat Camping Stortemelk, de festivallokaasje, op it festivalwykein al fol sit. Festivalgongers sûnder plakje moatte útwike nei camping de Lange Paal, in pear kilometer fierderop. Rederij Doeksen set tidens it festival ekstra boaten yn.