Winsum hopet op nije rekôrs

07 aug 2009 - 13:52

De organisaasje fan it FK fierljeppen hopet op topprestaasjes sneon by it kampioenskip yn Winsum. Oan it waar sil it net lizze en ek net oan de foarm fan de ljeppers. By de lêste westryd fan woansdei yn Drylts, waard fierder sprong as oait.

Grutte favoryt yn 'e topklasse is de Burgumer Bart Helmholt. Hy hat it Frysk rekôr mei 20.76 meter. Mar Thewis Hobma en Hannes Scherjon sprongen dit jier beide ek al oer de 20 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)