Doutzen Kroes op Friesland Dag

07 aug 2009 - 12:08

Doutzen Kroes nimt 12 septimber yn New York it boek 'Gevierde Friezen' yn ûntfangst. It Fryske topmodel krijt it boek fan kommissaris John Jorritsma.

It boek fertelt de histoaryske relaasje tusken Fryslân en Amearika. Dat wurdt dien oan de hân fan 70 portretten fan Friezen dy't it makke ha yn Amearika. Doutzen Kroes is ien fan de portrettearden. Se is útnoege foar de Friesland Dag dy't hâlden wurdt yn it ramt fan 400 jier freonskip Fryslân en Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)