Bovag sjocht boattrailers nei

07 aug 2009 - 10:46

BOVAG kontrolearret freed by de Snitsermar de boattrailers. Minsken dy't meidien ha oan de Snitswike, geane wer nei hûs. Ut ûndersyk docht bliken dat der faak in soad mankearret oan de trailers. Bannen binne glêd of ferdroege of der is wat mis mei de remkabels of de ferljochting. De problemen komme trochdat de trailers meastentiids stilsteane.

De organisaasje dielt gjin boetes út, mar jout de brûkers tips om problemen foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)