Argyf Friesche Trouw nei HCL

07 aug 2009 - 10:31

It Historisch Centrum Leeuwarden hat it argyf fan de Frijmitselderslôzje De Friesche Trouw krigen. It argyf rint fan 1839 oant 1999. Der sitte ek albums yn mei ynformaasje oer de oprjochting yn 1782. De Friesche Trouw is dêrmei de âldste lôzje fan Fryslân.

Topstik yn it argyf is in abum út 1868. Njonken de bysûndere ynhâld sjocht it der ek bysûnder út, mei in readflewielen kaft en in soad sulverbeslach. It argyf wurdt sa gau mooglik iepensteld foar it publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)