Ferwarde Belch (95) oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert in man fan 95 út België fan de dyk helle. De plysje seach dat er stadich ried. Doe't se him oanhâlden, fertelde de Belch dat er de rûte foar syn dochter ynspektearje soe foar har rydeksamen. Hy wie moarns om tsien oere fuortgien en hie in ôfslach mist.
De dochter hat har heit ophelle. Hy wie moarns fuortgien om aaien te heljen by in freon yn Antwerpen. Fia de Belgyske plysje sil syn rydbewiis ynnaam wurde.