Kennissintrum wurdt konkreet

It Cartresius ynstitút docht mei oan it kennissintrum
De provinsje komt mei konkrete stappen foar it oprjochtsjen fan in universitêr kennissintrum fan ynternasjonale betsjutting. Dat meldt de provinsje.
Foar in alhiel nije universiteit is gjin plak, wol foar in kennissintrum. Dêrfoar soene besteande ynstellings lykas it Cartesius Instituut, de Fryske Akademy en de hegeskoallen gearwurkje moatte. In plan fan oanpak wurdt yn augustus presintearre. Dêryn stiet ek wat oer de finânsjes.